Hepie & Hepie yn Mega Top 100

09 sep 2011 - 16:41

De lêste single fan it sjongduo Hepie en Hepie is freed op nûmer 85 binnenkaam yn de Mega Top 100. It duo út de Wâlden fynt it geweldich. Se binne bliid dat it publyk harren net fergetten is.

Dizze simmer hawwe de sjongeressen harren lêste single mei de titel 'Ik geloof in jou en mij' opnaam. Heal oktober komt ek noch in album fan it duo út. Dêr stean de grutste hits fan de twa op. Hepie en Hepie hawwe goed tritich jier tegearre songen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)