Mark de Vries blessearre

09 sep 2011 - 15:05

SC Cambuurspiler Mark de Vries hat freedtemiddei in blessuere oprûn. Yn in duel mei Martijn van der Laan rekke de oanfaller blessearre oan it ankel. De kâns is grut dat De Vries snein yn de útwedstriid tsjin Volendam net meidwaan kin.

It trainersduo Alfons Arts en Henk de Jong kin yn Volendam ek net beskikke oer Nuelson Wau en Marco van der Heide. Cambuur stiet fjirde mei sân punten út fjouwer wedstriden. Volendam stiet achtste mei ien punt minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)