Berntsje (1) rint brânwûnen op

Foto: Anton Kappers
In berntsje fan 1 jier is freedtemoarn slim ferwûne rekke yn Seisbierrum. It berntsje hat brânwûnen oprûn, wêrtroch is noch ûndúdlik. Personiel fan in ambulânse hat earste help jûn. De traumahelikopter is ek ynset. De plysje hat in gebiet ôfset, sadat de helikopter yn it doarp oan de grûn komme koe.
It berntsje is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht foar behanneling.