Spitsprobleem op 'e Harkema

09 sep 2011 - 12:14

Harkemase Boys kin sneon tsjin Barendrecht noch altyd net beskikke oer Rob van Bunderen. It KNVB moat tastimming jaan foar it oerskriuwen fan de spits bûten de reguliere transfersperioade yn it amateurfuotbal om. Omdat de minsken dy't dêroer gean by de KNVB freed frij hawwe, wurdt it beslút oer it wykein hinne tild.

Troch it fuortgean fan Marnix Kolder nei Go Ahead Eagles hat Harkemase Boys in spitsprobleem. Van Bunderen (28) moat dêr de oplossing foar wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)