Hurddraverijen op Omroplive.nl

Drafbaan Victoria Park yn Wolvegea
De hurdraverijen op it Victoriapark yn Wolvegea wurde fan sneon ôf streekrjocht útsjoerd op Omroplive. Ferline wike wie in earste proefútsjoering en dy is goed ferrûn.
De haadredaksje fan Omrop Fryslân en de direksje fan de drafbaan ha hege ferwachtings fan dit nije inisjatyf. Omrop Fryslân is yn de hjerst fan 2010 útein set mei de earste live registraasjes op Omrop Live. It gie doe om it Frysk Kampioenskip pealsitten.