Tillefoandieven trapearre

De plysje hat tongersdei trije manlju oanhâlden, omdat se besochten tillefoans te stellen yn winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert. It giet om ynwenners fan Wolvegea, It Hearrenfean en Capelle aan den IJssel.
Befeiligers seagen dat de manlju tillefoans yn in tas diene en warskôgen de plysje. De fertochten binne oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. De tassen en mobile tillefoans binne yn beslach nommen.