Undersyk nei 'sitgames'

09 sep 2011 - 10:18

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert ûndersiket oft kompjûterspultsjes helpe kinne by it foarkommen fan ûngelokken op de wurkflier. Neffens de hegeskoalle is hjir foaral by it bedriuwslibben ferlet fan. It ûndersyk rjochtet him op 'sitgames'. Dat binne spultsjes wêrby't in situaasje neispile wurdt.

Dêrby is de lokaasje fan 'e spiler fan ynfloed, mar ek oare saken om de spiler hinne. Soks soe de feiligens yn benammen ambachtlike wurkomjouwings befoarderje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)