Yn Fryslân trille de ierde ek

09 sep 2011 - 09:52

Ut ferskate plakken yn Fryslân komme meldings fan minsken dy't sizze dat se de ierdbeving fan tongersdei field hawwe. Tongersdeitejûn om njoggen oere hinne wie der in beving mei 4,5 op de skaal fan Richter. It episintrum lei fjirtich kilometer súdeastlik fan Nijmegen.

Meldings yn Fryslân komme ûnder oare út Vegelinsoard en Balk. Yn dat lêste plak seit in bewenner dat de houtene flier ynienen begûn te kreakjen. Der binne gjin gefallen fan skea meld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)