Roekmole Goaiïngahuzen teplak

Yn 1797 waard spinnekopmûne 'De Roekmolen' boud yn Warniahuzen yn Boarnsterhim. Dêr hat er jierrenlang tsjinst dien. No is de mûne restaurearre en ferpleatst nei it Eilân-West ûnder Goaiïngahuzen. Hy is tongersdei yn wurking steld troch Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en Nieske Ketelaar, wethâlder fan gemeente Smellingerlân.
De mûne kin by wynkrêft 4 wol 1000 kúb wetter yn de oere fermealle en kin de hiele polder Eilân-West droech hâlde.