Mear befeiliging studintefeest

08 sep 2011 - 17:38

Op de sechsde edysje fan it yntroduksjefeest foar earstejiers studinten by de Aldehou yn Ljouwert is twa kear safolle befeiliging ynhierd as ferline jier. No binne it fjirtich. Neffens Leeuwarden Studiestad is dat nedich om te foldwaan oan de easken fan plysje en gemeente.

De studinten wurde om 19.30 oere offisjeel wolkom hjitten troch boargemaster Crone. Dêrnei is it feest mei dj's. Nei in earste lûdsmjitting waard it tal desibels beheind oant 80.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)