Wethâlder De Boer oer Harns

08 sep 2011 - 16:26

It sil in toer wurde om fan Harns wer in bestjoerbere gemeente te meitsjen. Dat seit âld-wethâlder De Boer fan Harns. Hy stapte moandei op, omdat er net mear oer de bestjoerskultuer koe. Der wie te min kollegialiteit yn it kolleezje, neffens him, en de ried soe foaral mei de ried sels yn gefjocht wêze.

De âld-wethâlder fynt it spitich dat it sa beteard is. Hy hat der alles oan dien om it foar himsels wurkber te meitsjen, seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)