Mooglik dochs noch Winterfeest

08 sep 2011 - 16:03

It Winterfeest yn Ljouwert giet mooglik dochs troch. Wethâlder Koster hat mei ûndernimmers yn de binnenstêd om tafel west. Dy hienen sein dat der te min jild is. Mar sawol de gemeente as de ûndernimmers wolle dat it feest wol trochgiet.

De jildkrapte soe opfongen wurde kinne troch it feest te fersoberjen. Koster tinkt dêrby oan in koarter duorjend feest. Fierders soe de organisaasje sels ek besykje moatte jild te generearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)