Skiep helpe tsjin syktes

Skiep kinne in rol spylje yn it tefoaren kommen fan syktes. Dêroer gie tongersdei in minysympoasium yn it Tsjerkje Skuorregea yn Jobbegea. It idee is om skiep yn de bosk as in soart 'tikestofsûgers' yn te setten. Sa kin de sykte fan Lyme, dy't de tiken oerbringe, oanpakt wurde.
Sip van Wieren fan de Universiteit fan Wageningen presintearre it idee. Skieppehoeder Bauke van der Woude wie mei syn kudde by it sympoasium oanwêzich.