Untkennings yn saak-Smedema

08 sep 2011 - 12:34

De fertochten yn de saak-Smedema komme mei dy saak foar it earst yn oanrekking mei justysje. Dat waard tongersdei dúdlik op de twadde dei fan de rjochtsaak. Doe waarden de persoanlike omstannichheden fan de fertochten besprutsen. De fertochten komme út Dokkum, Damwâld, Broeksterwâld en Feanwâlden. Se ûntkenne elke belutsenheid by de dea fan de 16-jierrige Redmar Smedema fan Burgum. Dy stoar nei fjochterij yn diskoteek Club Q yn Noardburgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)