App monuminten yn SW-Fryslân

08 sep 2011 - 12:14

Monuminten yn Súdwest-Fryslân binne opnaam yn in applikaasje foar smartphones. Mei de Layar kinne eigners fan sa'n tillefoan yn de doarpen yn de gemeente yn byld sjen hokker bysûndere gebouwen om harren hinne stean. Soks kin al langer mei ryksmonuminten en musea.

Yn de app binne ûnder oare de Broeretsjerke fan Boalsert opnaam, it Abattoir yn Snits en fabryk Nooitgedacht yn Drylts. Takom wykein is it museumwykein en binne se iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)