Bousektor krijt eigen skoallen

08 sep 2011 - 11:55

Fryslân krijt twa nije bouskoallen. Dy komme yn Ljouwert en op It Hearrenfean. It ministearje fan Ekonomyske Saken stipet de bouskoallen mei hast 2 miljoen.

De skoallen binne in inisjatyf fan de gearwurkjende Fryske boubedriuwen. Se krije fierders stipe fan de provinsje en fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, it SNN. De skoallen kostje 7,7 miljoen euro. Dêrfan komt 5,3 miljoen by de oannimmers sels wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)