Help by enerzjysunich hûs

Boubedriuwen yn Noard-Nederlân wurkje gear om de kommende twa jier sântûzen wenten yn de trije noardlike provinsjes enerzjysunich te meitsjen. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte stypje de gearwurking mei 5,5 ton subsydzje.
It is benammen de bedoeling dat wenningeigners help krije by it enerzjysunich meitsjen fan it hûs. Se kinne dêrfoar tenei by ien loket terjochte. Dan hoege se net langer sels achter alle regelingen oan.