Pup werom nei oprop Omropradio

It hûntsje is werom by de baas
De Jack Russellpup dy't dit wykein yn Driezum ferdwûn, is nei in oprop yn it Omrop Fryslân radioprogramma Noardewyn werom by de eigneresesse. De frou ûntduts sneontemiddei dat it bistje fuort wie. In buorman sei dat in man en in jonge yn in auto him nei it hûntsje frege hiene. Hy hie doe sein dat er net wist fan wa't de pup wie.
Neifraach by asyls, diere-ambulânse en de plysje smiet neat op. Mar twa oeren nei de útstjoering fan Noardewyn fan woansdei waard de pup werombrocht.