Ynbraak yn winkel It Fean

Op It Hearrenfean is woansdeitenacht in man fan 23 jier oanhâlden foar in ynbraak yn in winkel oan it Molenplein. De eigner fan de saak waard wekker fan leven. Hy seach dat in rút fan syn saak ynslein wie mei in trottoirtegel.
Der misten sieraden en horloazjes út de winkel. De eigner warskôge de plysje. Dy trof de fertochte flakby oan. Hy hie ek noch in boksbeugel by him. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo.