Bestjoerskrisis Harns bliuwt

De riedsgearkomste woansdei yn Harns hat de fraksjes gjin stap tichteby mekoar brocht. De mieningen fan de koälysje- en opposysjepartyen steane heaks opmekoar. Dermei liket der gjin ein kaam oan de bestjoerskrisis yn Harns
Oanlieding fan de diskusje wie it opstappen fan wethâlder De Boer ôfrûne moandei en syn krityk op de koälysje en de opposysje. De Boer soe net respektfol behannele wêze. Opposysje en koälysje joegen mekoar de skuld.