Untslach amtner net terjochte

Amtner Margaret Beckers hie yn 2007 nea ûntslein wurde mocht troch de provinsje. Dat seit de Centrale Raad van Beroep. Beckers krige ûntslach om't se geheime ynformaasje lekt hie nei in ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante.
Neffens de rjochter hat Beckers wol in fout makke mar nea de bedoeling hân om minsken of de organisaasje skea ta te bringen. Ek oaren brochten ynformaasje nei bûten. Omrop Fryslân krige it geheime rapport fia in oare boarne.