Boargemaster Scheffer hâldt op

07 sep 2011 - 20:10

Boargemaster Paul Scheffer fan Harns giet net op foar in twadde termyn. Hy sil yn juny 2012 ophâlde. Dat makke Scheffer (63) woansdeitejûn bekend, oan it begjin fan de riedsgearkomste. Der waard praat oer de bestjoerskrisis dêr't de gemeente yn sit nei't wethâlder Jan de Boer moandei opstapte.

Neffens Scheffer hat syn beslút dêr neat mei te krijen. Scheffer is yn 2006 begûn as boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)