Fertochten Smedema wurde heard

De seis fertochten yn de saak Smedema wurde woansdeitemiddei heard troch de rjochter. De fertochten ûntkenne dat se belutsen wiene by de dea fan de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum. Hy ferstoar yn april ferline jier nei in fjochtpartij yn diskoteek Club Q yn Quatrebras.
De rjochtbank bûcht him oer de fraach wa't ferantwurdlik is foar syn dea. De seis fertochten binne allegear oanwêzich by de saak.