Behear helpt greidefûgel

In skrieze-aai hat mei yntinsyf greidefûgelbehear gruttere kâns om op te groeien. Dy kâns is 17 kear heger as yn gewoan greidelân. Dat komt út ûndersyk. De ûndersikers folgen de ôfrûne fiif jier yn Súdwest-Fryslân 850 skriezepearkes.
Yn it greidefûgelfreonlike gebiet kamen goed de helte fan de aaien út, tsjin in tredde yn gewoane greiden. Goed 5 prosint fan Frysk lân is reservaatgebiet dêr't de skriezen it goed dogge.