Materiële skea troch stoarm

Oan it Snitser Ankerpad drige in beam om te fallen (foto Jan Douwe Gorter)
De stoarmskea yn Fryslân is beheind bleaun ta omwaaide beammen en ôfbrutsen tûken. Benammen it noardeasten en it súdwesten fan de provinsje binne troffen troch stoarmskea.
Op Skiermûntseach spliet in ikebeam yn stikken en foel op trije huzen. Net ien rekke ferwûne. Yn de Ljouwerter Mozartstrjitte foel in beam op in wente. Ek dêr wie inkeld materiële skea. Op it Kleinzand yn Snits rekke in ljochtreklame fan in winkel fernield.