Fertochten Smedema ûntkenne

De fertochten yn de saak Smedema ûntkenne belutsen te wêzen by syn dea. Under grutte belangstelling is woansdei de rjochtsaak yn ferbân mei de dea fan Redmar Smedema (16) begûn. Hy ferstoar april ferline jier nei in fjochtpartij yn diskoteek Club Q.
De rjochtbank sjocht nei wa't ferantwurdlik is foar syn dea. Alle seis fertochten binne by de saak oanwêzich. Har wurdt dielname oan in fjochtpartij te lêste lein. De maksimum straf dêrfoar is trije jier.