Frou mishannele yn Ljouwert

07 sep 2011 - 10:08

In frou (38) út Ljouwert is tiisdei op De Tuinen yn de stêd mishannele troch in noch ûnbekende man. De man ried yn in auto en de frou hie spul mei him krigen oer wa't foarrang hie. De man waard op in gegeven stuit sa lulk dat er útstapte en de frou in klap joech. Dêrnei is er fuortriden.

De plysje hat noch nei him socht, mar hat him net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)