Hofs hâldt op yn Dantumadiel

Wethâlder Hofs fan de gemeente Dantumadiel hâldt op. Marianne Hofs fan Dantumadiel 82 treedt ôf om sûnensredenen. Har portefúlje waard al sûnt juny oernaam troch de oare kolleezjeleden. Dat sil sa bliuwe yn ôfwachting fan in opfolger.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders lit witte it spitich te finen dat de belutsen wethâlder it wurk opjaan moat.