Printen fan Snits by Tresoar

06 sep 2011 - 22:12

De byldbank fan Tresoar hat der 5100 ôfbyldings fan Snits en oare plakken yn Fryslân by krigen. De 88-jierrige Hendrik van der Zee út Hilversum hat syn hiele besit oan aansichten, foto's en dia's skonken oan de histoaryske ynstelling yn Ljouwert.

Van der Zee is hikke en tein yn Snits mar is letter ferhuze. Syn heit is al mei in samljen fan aansichten begûn. Ek Sytze ten Hoeve, de eardere direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum, hat syn samling kaarten skonken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)