Beammen om troch hurde wyn

06 sep 2011 - 20:22

Troch de hurde wyn binne tiisdeitejûn op tal fan plakken yn de provinsje beammen omwaaid. Op it Waad wie it wynkrêft 9. Op Skiermûntseach is in metershege ikebeam spliten op twa huzen en yn trije tunen telâne kaam. Gjinien rekke ferwûne. Hoe grut de skea is wie jûns noch net te oersjen. In part fan de beam stiet noch oerein, mar driget ek om te fallen.

Rûnom moasten beammen belies jaan tsjin de hurde wyn. Meldingen fan stoarmskea kamen út de hiele provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)