Heijmans: ûndersyk yn Techum

De ravaazje yn Techum (foto: Omrop Fryslân, Alle Faber)
Boubedriuw Heijmans lit de neistlizzende wenten ûndersykje neidat tiisdei twa wenten yn oanbou yn de Ljouwerter wyk Techum troch in wynflaach ynstoarten. Krekt doe't de boufakkers it gebou ferlieten om te skûljen foar de wyn, sakken de huzen yninoar. Sa lang it ûndersyk duorret wurdt der net fierder boud.
Alle eigeners fan de wenten yn oanbou binne op de hichte brocht. In wurdfierster fan Heijmans seit dat de skrik der flink yn sit.