4 himpplantaazjes oprôle

06 sep 2011 - 15:18

Op in spesjale 'henneprooidag' op acht lokaasjes yn Fryslân hat Plysje Fryslân in ynfal dien. Op fjouwer fan de acht lokaasjes trof de plysje lytsskalige himpplantaazjes oan. Op de lêste plantaazje yn Twizel wiene de planten krekt rispe. Yn Twizel gie it om twa romtes mei mei-inoar 350 oant 400 planten.

De plysje die op de lêste lokaasje ien oanhâlding. De plysje hie de yndruk dat de minsken dwaande wiene de lokaasje yn Twizel te ûntmanteljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)