'Harmonie los fan gemeente'

De Harmonie
De maatregels wêrmei't de gemeente Ljouwert De Harmonie sûn krije wol wurkje net. Dat seit Harmoniedirekteur Oostvogel. De Harmonie stiet der min foar en draait tonnen ferlies. De gemeente wol jild besunigje troch De Harmonie twa dagen te sluten.
Oostvogel sjocht oare mooglikheden. Hy hat in subsydzje fan it ryk binnenhelle foar de programmearring. Hy is der wis fan er yn 2012 de saak wer op de rit hat. Oostvogel wol de skouboarch loskeppelje fan de gemeente.