PVV'er Hiemstra mishannele

06 sep 2011 - 14:00

Fraksjefoarsitter Hiemstra (47) fan de PVV-steatefraksje is moandeitejûn troch twa ûnbekende manlju mei maskers en donkere klean mishannele. Om tsien oere jûns bellen de manlju oan op Hiemstra syn adres yn Snits. Doe't Hiemstra iepen die, kamen se deryn en sloegen Hiemstra en syn frou (36). Dêrnei naaiden se út.

De plysje hat burgernet ynset om de dieders op te spoaren, mar dat hie gjin resultaat. Hiemstra en syn frou rekken licht ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)