Dölle nei Konsultatyf Orgaan

06 sep 2011 - 12:03

Professor Alfons Dölle út Grins is de nije foarsitter fan it Konsultatyf Orgaan Frysk. Dölle folget Gerrit Ybema op, dy't acht jier foarsitter west hat. It Konsultatyf Orgaan advisearret de minister fan ynlânske saken oer de Fryske taal. Ek rapportearret it orgaan oer it Hânfest foar minderheidstalen.

Omdat oan in Fryske Taalwet wurke wurdt is it wichtich dat it orgaan in foarsitter hat mei ferstân fan it steatsrjocht. Dölle hat dat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)