Stille tocht foar Drachtster

06 sep 2011 - 11:01

Bewenners fan 'e Robijnekamp yn Drachten binne ferslein troch it ferstjerren fan har buorman. Hannie Haanstra (48) ferstoar moandei oan syn ferwûnings. Hy wie sneontenacht belutsen by in massale fjochtpartij by him yn de strjitte. Bewenners en besikers krigen doe spul. Wat der krekt bard is wurdt troch 25 resjersjeurs ûndersocht.

De styfdochter en in buorfrou organisearje tongersdei om sân oere jûns in stille tocht foar Haanstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)