Drachtster no ferstoarn

06 sep 2011 - 09:35

De 48-jierrige Drachtster dy't swier ferwûne rekke by in fjochtpartij yn syn wenplak is moandei ferstoarn. De fjochtpartij wie sneontenacht op de Robijnekamp yn Drachten. Bewenners en besikers fan twa huzen yn dy strjitte krigen spul mei elkoar.

Wat der krekt bard is wurdt noch ûndersocht troch 25 resjersjeurs. By de fjochtpartij rekke ek in 41-jierrige man ferwûne, mar dy koe juster it sikehûs wer ferlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)