Digitaal loket lang út de loft

05 sep 2011 - 20:58

It digitaal loket fan de gemeente Ljouwert kin nei alle gedachten wiken net brûkt wurde. Der moat in nij systeem oanfrege wurde en dêr giet tiid oerhinne. Oant dy tiid moatte minsken ôfspraken meitsje op it gemeentehûs sels of oer de tillefoan. Foar de meiwurkers soarget dat foar ekstra drokte.

It digitaal loket is út de loft helle fanwege problemen. Hackers hawwe ynbrutsen yn it systeem dat achter de webside fan de oerheid sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)