Auto oer de kop troch botsing

05 sep 2011 - 18:05

Op de Oostergowei yn Ljouwert is moandeitemiddei in auto oer de kop flein neidat er op in ambulânse botst wie. By it rôljen fan de auto oer de dyk binne ek trije oare auto's rekke. De ambulânse soe de Oostergowei opride. De bestjoerder hat nei alle gedachten de auto net oankommen sjoen. It is net dúdlik oft der ien ferwûne rekke is.

De plysje hat in skoft dwaande west om it ûngelok te ûndersykjen. Dêrfoar waard de dyk ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)