Undersyk fjochterij Drachten

05 sep 2011 - 15:31

De plysje ûndersiket mei 25 rezjersjeurs in fjochtpartij dy't sneontenacht west hat op de Robijnekamp yn Drachten. Bewenners en besikers fan twa huzen krigen spul mei elkoar. Der ûntstie in fjochtpartij, dêr't in hiele grutte groep oan meidie.

Twa minsken rekken ferwûne. In 48-jierrige Drachtster leit noch swier ferwûne yn it sikehús. In man fan 41 jier út Bakkefean mocht moandei wer nei hús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)