Famke oanriden by Ryptsjerk
In famke fan 8 jier út Ljouwert is sneintemiddei by Ryptsjerk op de fyts oanriden. It famke stuts mei har mem de krusing fan de Westerdyk mei de Ypeysingel oer en seach dêrby in auto oer de holle.
De 91-jierrige bestjoerder koe it famke net mear ûntwike en rekke har. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehús brocht.