Brân Harns noch grutter

05 sep 2011 - 12:15

De brân by de spekjesfabryk Astra Faam is dochs oerslein nei in oar part fan it gebou. De brânwacht hat mei man en macht besocht dat foar te kommen, mar dat is net slagge.

De brân is om 9 oere útbrutsen en liket noch lang net ûnder kontrôle. Korpsen út de hiele regio binne dwaande mei it blussen. Alle bedriuwen yn de buert binne ûntromme. Yn de doarpen Winaam, Mullum en Seisbierrum moatte minsken ruten en doarren tichthâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)