Ferwûnen by brân Wolvegea

05 sep 2011 - 09:51

By sportsintrum Avanty oan de Zandweegbree yn Wolvegea hat moandei brân west. De brân is begûn yn de sauna. It wie gjin útslaande brân, mar de reekûntwikkeling wie grut. Trije minsken binne nei it sikehús brocht, omdat se reek ynazeme hiene.

De brânwacht koe it gebou net yn om't it dak trochbûgde en hat dêrom in stik út de gevel helle om blusse te kinnen. Mei in fentilator is de reek út it gebou blaasd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)