Gjin poadiumplak foar Kramer
Atlete Mariska Kramer fan Drachten is snein krekt bûten it poadium fallen, yn de útslach fan it Nederlânsk kampioenskip 10 kilometer yn Tilburch.
Kramer einige op it fjirde plak yn in tiid fan 34:29 achter winnares Miranda Boonstra, mei in winnende tiid fan 33:35. Stefanie Bouwma fan Drachten einige op in fiifde plak.