Van der Bos kening yn Penjum

Gert-Anne van der Bos (foto: Henk Bootsma)
De keatshaadklassepartij yn Penjum is snein wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Sy wûnen de finale mei 5-5 en 6-0 fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. It partoer fan Jan Dirk de Groot hat yn de finale in foarsprong hân fan 5-3, mar fral de sitballen fan Van der Bos brutsen dêrnei de tsjinstanner.
De lytse preemje gie nei Chris Wassenaar, Herman Sprik en Folkert van Wei.