V.d. Veen-en-dy winne Makkum

04 sep 2011 - 17:29
Manon Scheepstra

Iris van der Veen, Baukje Aalbers en Manon Scheepstra binne snein winner wurden fan de frije formaasjepartij fan Makkum. Der waard keatst yn twa pûltsjes fan trije partoeren. De finale gie tusken de winners fan de pûls.

De ferliezende finalisten wiene Marije Hiemstra, Mariska Hoogland en Bianca van der Veen. Sy ferlearen de finale mei 5-1 en 6-6. Manon Scheepstra waard útroppen ta keninginne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)