PR-kampanje begraafplakken

04 sep 2011 - 16:15

Om de tanimmende konkurrinsje fan de krematoria oan te kinnen komme de begraafplakken mei in PR-kampanje. Mei help fan struibrieven en miskyn sels tv-reklame moat it begraven wer populêr makke wurde.

Neffens de begraafplakken stiet it begraven ûnder druk omdat de fersekeringsmaatskippijen it kremearen bot promote. Se dogge dat troch de klanten te melden dat begraven folle djoerder is. Yn Fryslân wurde op it stuit twa nije krematoria boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)