Epke blessearre oan skouder

04 sep 2011 - 15:50

Epke Zonderland is sneon blesseare rekke oan it skouder, Hy hat him ôfmeld foar de rekstokfinale op de wrâldbekerwedstriid yn Gent. Yn België kwalifisearre Zonderland him as tredde foar de finale, mar rekke blessearre troch in fout yn 'e oefening.

Mei it each op it kommende WK turnjen yn Tokyo, wol de Fryske turner gjin risiko nimme. Op it WK yn oktober moat Zonderland in startbewiis helje foar de Olympyske Spelen fan Londen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)