Man mishannelet plysjeman

04 sep 2011 - 15:25

Yn Berltsum is sneontenacht in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it mishanneljen fan it plysjeman. De help fan 'e plysje wie ynroppen neidat de fertochte de portier fan in hoarekagelenheid yn it doarp bedrige hie.

Doe't de plysje de Ljouwerter oanhâlden woe fersette er him en joech er in plysjeman in traap mei de knibbel. Op it plysjeburo waard de man op 'e nij balstjurrich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)