D'ham: Plysje brûkt wapenstok

04 sep 2011 - 15:15

De plysje hat sneontenacht yngrypt by it doarpsfeest fan Droegeham. Op it feestterrein wiene fjochtpartijen. De befeiliging rôp dêrom de plysje der by. Doe't de plysje oankaam wie de muzyk dien, mar der wie noch wol in soad folk op it terrein.

Omdat de sfear grimitich wie frege de plysje elkenien om fuort te gean. Doe't dat net dien waard ha plysje en de befeiliging in liny foarme en de minsken fuort dreaun. Dêrby hat de plysje de wapenstok brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)